Bestjoerster rekket ferwûne nei autoûngelok by De Lemmer

30 des 2015 - 15:42

By in ûngelok by De Lemmer is om trije oere hinne de 18-jierrige bestjoerster fan in auto ferwûne rekke. De auto rekke op de N391 fan de dyk, wêrtroch is noch net bekend. De auto fan it slachtoffer sloech twa kear oer de kop. It slachtoffer moast troch de brânwacht út de auto helle wurde en is mei de ambulânse nei it sikehús fan It Hearrenfean brocht.

Hoe slim de ferwûnings binne is noch net bekend. Foar de helpferliening waard ek in traumahelikopter oproppen, mar dy hoegde  úteinlik net yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
De Lemmer ûngelok N391
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)