Ferset op Skiermûntseach tsjin stekken fan Natuurmonumenten

30 des 2015 - 13:00

Op Skiermûntseach is ferset tsjin de plannen fan Natuurmonumenten om mear stekken del te setten. Dy stekken moatte de Spaanske kij, dy't sûnt oktober omrinne, op harren plak hâlde. It ferset tsjin "mear tried" wurdt organisearre troch Jörn van Boven. Hy hat in enkête hâlden ûnder eilânbewenners en toeristen en dy fine yn mearderheid dat der tefolle stekken op it eilân stean.

Van Boven fynt dat Natuurmonumenten tefolle te sizzen hat op it eilân. Hy is net tsjin de kij, mar wol tsjin it pleatsen fan hieltyd mear tried op it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)