"Woansdei of tongersdei dúdlikheid oer eksploazje yn flat"

30 des 2015 - 09:53

Boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân ferwachtet woansdei of tongersdei mear dúdlikheid oer de oarsaak fan de grutte eksploazje yn in flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. Tolve fan de 38 apparteminten waarden sneintejûn folslein fernield, de bewenners binne alles kwyt.

It ûndersyk nimt de nedige tiid, omdat de eksploazje op de ûnderste ferdjipping wie en it pún fan de hegere etaazjes der boppe-op leit. Dat moat der foarsichtich ôfhelle wurde, ek omdat der allegear persoanlike besittings fan de bewenners tusken lizze.

Van Bekkum is tefreden oer hoe't de dupearre bewenners holpen wurde troch alle ynstânsjes. Ek de helpaksjes neamt hy hertferwaarmjend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)