Bûn Fryske Fûgelwachten ferliest 500 neisoargers

30 des 2015 - 08:58

Dit jier binne der 500 minsken ophâlden as neisoarger by it Bûn Fryske Fûgelwachten. Dat is tsien persint fan de yn totaal 5000 frijwilligers dy't it bûn hat. Foarsitter Algra fan it BFVW tinkt dat dat mooglik te krijen hat mei it feit dat der dit jier net aaisocht wurde mocht.

Foar takom jier hat it bûn ek wer in ûntheffing by de provinsje oanfrege, mar it is noch mar de fraach oft dy der ek komt. De lêste rapporten fan fûgelûndersyksburo SOVON toane oan dat it noch altyd hiel min giet mei de ljippestân yn Fryslân.

It BFVW bliuwt fan miening dat aaisykjen gjin skea docht oan de ljippestân en basearret dat op in oar rapport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)