De Vries nei 1000 meter: ''Liket wol in Grykske trageedzje"

29 des 2015 - 18:26

Reedrider Sjoerd de Vries is bot teloarsteld oer syn prestaasjes op it NK ôfstannen yn Thialf. Tiisdei op de lêste ôfstân, de 1000 meter, waard hy tsiende, mar ek op de 500 en 1500 meter koe hy gjin potten brekke. "It liket wol in Grykske trageedzje. Net bêst, mar ik wit it no efkes ek net. It seizoen is wol oer. It NK sprint? Ach, ja, as ik sa ryd ha ik dêr neat te sykjen", sa seit De Vries.

Kjeld Nuis wûn tiisdei de 1000 meter by de manlju, mei in tiid fan 1.08.24. Kai Verbij en Stefan Groothuis waarden twadde en tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)