Ter Mors wint 1000 meter, Leenstra pakt it sulver

29 des 2015 - 17:39

Jorien ter Mors hat tiisdei by de NK ôfstannen yn Thialf de 1000 meter wûn. De kopfrou fan Team AfterPay ried in tiid fan 1.15.17, dêrmei wie se mear as in sekonde rapper as Marrit Leenstra fan Wikel, de kampioene fan de lêste trije jier. Leenstra moast mei 1.16.27 ôfsjen fan de gouden medalje. Op in tredde plak einige Ireen Wüst yn 1.16.29, mei in minym ferskil fan twa hûndertsten.

Marrit Leenstra wie al wis fan pleatsing foar it WK ôfstannen dat yn febrewaris op it programma stiet yn Ruslân. Ek Ter Mors en Wüst komme dêr yn aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)