De fjoerwurkferkeap yn Fryslân is los

29 des 2015 - 17:13

Tiisdei wie it safier: de ferkeap fan fjoerwurk yn de winkels is úteinset. De ôfrûne wiken koe online al fjoerwurk besteld wurde fia de foarferkeap, mar tiisdei koenen de minsken dan lang om let yn de winkels terjochte om de bestellingen op te heljen.

Nei alle ferwachting wurdt der dit jier yn ús lân foar mear as 60 miljoen euro oan fjoerwurk útjûn. Benammen Thunderkings en Spanish Crackers binne populêr. Fjoerwurk lykas babypylkjes en Romeinske kearsen meie dit jier net mear ferkocht wurde.

Trefwurden: 
fjoerwurk ferkeap âld en nij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)