Yntelliginte mjitter moat grutte stroomsteurings foarkomme

29 des 2015 - 15:28

Yntelliginte mjitters op de kabels ûnder de grûn moatte grutte stroomsteurings yn de takomst foarkomme. De mjitters binne ûntwikkele yn opdracht fan netbehearders Liander en Enexis en komme op kabels dy't mooglik foar problemen soargje kinne. 

It kontrôlesysteem sjocht in probleem yn de kabel al sitten foardat it echt gefolgen hat. It systeem is úttest op de kabel tusken Hjerbeam en Kûbaard. Dêrmei is in grutte steuring foarkaam. De bedoeling is dat de 'slimme' mjitters no op mear plakken yn de provinsje ynstallearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)