Kast falt op famke by meubelbedriuw: swier ferwûne

29 des 2015 - 13:19

In famke fan fiif jier is tiisdeitemoarn swier ferwûne rekke by in ûngelok by it meubel-ûntwerpburo Rodenburg Interieurs oan De Giek yn Drachten. It famke krige in swiere kast op har, dy't troch noch ûnbekende oarsaak omfoel.

Under plysjebegelieding is it slachtoffer mei de ambulânse nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht. Helpferlieners fan de traumahelikopter hawwe it ambulânsepersoniel assistearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)