Skansearre auto's by flat yn Drachten wurde fuorthelle

29 des 2015 - 11:57

Bergingsbedriuw Tolman begjint tiisdei mei it fuortheljen fan de auto's oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. De auto's rûnen sneintejûn skea op by in swiere eksploazje yn in flat. Alle auto's wurde nei in sammelplak yn Beetstersweach brocht. De eigeners en skea-eksperts kinne dêr woansdei hinne om de skea te besjen.

Auto's dy't net skansearre rekke binne, mar wol binnen de stekken stean, bliuwe dêr foarearst. De gemeente Smellingerlân ferwachtet woansdei mear dúdlikheid te jaan oer wannear't de eigeners by dizze auto's kinne.

Yn Drachten is tiisdei ek in begjin makke mei de sloop fan de apparteminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)