Lesprogramma moat skoalbern mear by Waadsee belûke

29 des 2015 - 11:37

De Waadferiening, Waadsintra en filmmakker Ruben Smit begjinne takom jier in edukaasjeprogramma om skoalbern mear by de Waadsee te belûken. It programma wurdt opset yn de oanrin nei in bioskoopfilm oer it Waad, dy't yn 2018 útkomme moat. 

Ruben Smit is bekend fan syn films De Nieuwe Wildernis en Leven Rivieren. Neffens de Waadferiening is it Waadgebiet te fergelykjen mei bekende natuergebieten as it Great Barrier Reef yn Australië en de Grand Canyon yn Amearika.

It is dêrom neffens de natuerorganisaasje logysk om skoaljeugd better bekend te meitsjen mei it gebiet. Dat wurdt ûnder oare dien mei lessen op skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)