Dieven naaie út mei 80 akku's fan autobedriuwen yn Burgum

29 des 2015 - 09:57

By twa autobedriuwen yn Burgum binne moandeitenacht 80 akku's stellen. Ien fan de bedriuwen is Tjalma Auto's oan de Master W.M. Oppedijk van Veenweg, dêr binne 70 akku's stellen. It bedriuw hat in needoprop op Facebook set. De autohanneler freget tsjûgen om harren te melden. 

Neffens de plysje brûkten de dieven in wite bestelbus fan it merk Renault of Opel. De plysje giet der fan út dat der op syn minst trije dieven binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)