Ljouwerter fjochtet al tsien moannen tsjin IS

28 des 2015 - 21:35

De Ljouwerter Jitse Akse fjochtet al tsien moannen tsjin IS. Hy docht dat mei it Koerdyske Folksleger. Televyzjeprogramma EenVandaag socht him op yn Syrië. Akse is in feteraan fan Dutchbat. As blauhelm wie de 46-jierrige Fries tsjûge fan de fal fan Srebrenica. Hy sjocht in oerienkomst, mei wat der no bart yn it Syryske Kobani. De stêd leit swier ûnder fjoer, in soad ynwenners binne omkaam en tsientûzenen binne op de flecht. Dat is de reden dat Jitse Akse him fia Facebook oanmeld hat foar de striid.

Neffens it Iepenbier Ministearje kin hy ferfolge wurde foar oarlochsmisdriuwen as hy wer werom komt nei Nederlân. Want eltse gefjochtshanneling is in prinsipe strafber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)