Studinten moatte taret wêze op it ûndernimmerskip

28 des 2015 - 20:14

Studinten moatte nei it ôfstudearjen klear wêze om as ûndernimmer oan de slach te gean. Dat wie moandei de konklúzje fan it 83ste Krystkongres fan de Fryske studinten yn de Bogt fan Guné yn Frjentsjer. In fêste baan dêr't jo je hiele karriêre yn wurkje bliuwe kinne, is hjoed-de-dei hast foar nimmen mear oan de oarder, ek net as je in universitêre stúdzje dien ha. Dêrom is it foar studinten tûk om serieus te sjen nei de opsje as ZZP'er te begjinnen nei it ôfstudearjen.

It Krystkongres is in âlde tradysje wêrby Fryske studinten fan de ferskate universiteiten tusken de krystdagen en âld en nij nei de Akadeemje-stêd komme. Se dogge dit op útnoeging fan de Fedraasje fan Fryske studinteferieningen, wêryn benammen Bernlef fan Grins en de W.S.S.F.S. fan Wageningen in wichtige rol spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)