Hermans wurdt gjin waarnimmend boargemaster fan Zutphen

28 des 2015 - 15:04

Ald-kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans lûkt him werom as kandidaat-boargemaster fan Zutphen. Hy is ta dat beslút kaam nei in petear moandeitemoarn mei de fraksjefoarsitters fan de pleatslike politike partijen. Dat meldt Omroep Gelderland.

Neffens Hermans soe der net genôch draachflak wêze foar in suksesfol funksjonearen as boargemaster. Hast tûzen minsken hienen in petysje ûndertekene tsjin de komst fan Hermans as waarnimmend boargemaster fan Zutphen.

De fraksjefoarsitters fan de politike partijen yn Zutphen ha sein dat se net twifelje oan de bestjoerlike kwaliteiten en de yntegriteit fan Hermans. Se steunden him unanym, mar no sizze se dat de beneaming te betiid komt, skriuwt Omrop Gelderlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)