Ynwenners Stiens kinne by de Jumbo nei wykferpleechkundige

28 des 2015 - 14:18

Ynwenners fan Stiens kinne fan jannewaris ôf boadskipje en tagelyk nei de wykferpleechkundige. Palet hâldt elke tiisdeitemiddei twa oeren lang sprekoere yn de Jumbo-supermerk. Minsken kinne dêr ûnder oare terjochte foar it kontrolearjen fan de bloeddruk, mar ek mei fragen oer harren sûnens, wenjen en soarch.

Neffens Palet is dit in goed foarbyld om de soarch tichteby de minsken te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)