Lemster Mannenkoor nimt ôfskied fan Harm van der Meer

28 des 2015 - 13:42

Dirigint Harm van der Meer fan it Lemster Mannenkoor hat snein ôfskied nommen fan syn manljuskoar. Hy hat 40 jier dirigint west, mar moat der no fanwege syn sûnensproblemen mei ophâlde. Van der Meer hat Parkinson. It ôfskied wie yn in grôtfolle Martinitsjerke yn Koudum.

''De minsken freegje it ek allegearre, hoe giet it en kin je it opbringe te stopjen? Natuerlik nei sa’n karriêre, mei sa’n koar, kin ik dat opbringe. Want wat is der moaier as ôfskied te nimmen dat je dit achter litte, dat is fantastysk foar in dirigint'', sa sei in emosjonele Harm van der Meer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)