FIDEO: Flat yn Drachten is foar grut part ûnbewenber wurden

28 des 2015 - 12:55

It slachtoffer fan de eksploazje yn de flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten is in 46-jierrige bewenner fan ien fan de 38 apparteminten. Dêrfan binne moandeitemoarn 12 ynstoart. Gemeente en Accolade sette no earst yn op de opfang fan de ûngefear 45 bewenners. Der sil sa gau moolik ferfangende wenromte socht wurde en der is slachtofferhelp regele.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak, mar dêr is no noch neat oer te sizzen. Se roppe tsjûgen op om byldmateriaal beskikber te stellen.

Minsken dy't skea oprûn hawwe troch de eksploazje kinne harren ek melde. Neffens direkteur Rein Swart fan Accolade is it wol dúdlik dat tusken de 12 en 20 apparteminten ûnbewenber wurden binne.

Der hawwe de ôfrûne perioade meardere meldingen west fanút de flat, om watfoar meldingen dit krekt gie, wol de plysje net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)