Plysje pakt trije jongeren op foar brêgebrân yn Snits

28 des 2015 - 10:09

De plysje yn Snits hat trije minderjierrige fertochten oanhâlden foar brânstichting ûnder de Dompbrêge yn de Grienedyk. Troch de brân begjin desimber ûntstie grutte skea oan de fytstunnel ûnder de brêge en de brêge sels.

De gemeente Súdwest-Fryslân rûst de kosten foar it meitsjen fan de brêge op 100.000 euro. Der is proses-ferbaal tsjin de fertochten opmakke en der wurdt sjoen nei mooglikheden om de skea op de dieders te ferheljen.

Trefwurden: 
Dompbrêge Snits brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)