Fiif oaljekoekebakkers helje de list fan it AD

28 des 2015 - 09:52

Fiif oaljekoekebakkers út Fryslân hawwe in foldwaande helle yn de jierlike test fan deiblêd AD. Bakkerij Vliegendehond út Wolvegea stiet op it 6e plak. De bakker krijt in 9,5. Neffens it panel lit bakker Vliegendehond opnij sjen wêrom't hy de bêste bakker fan Noard-Nederlân neamd wurdt. De kream fan Gühnen op It Kuperusplein op It Hearrenfean stiet op it 51e plak, bakkerij De Korenaar fan Surhústerfean is 57e wurden. Beide skoare in dikke foldwaande. 

De Hollandse Gebakkraam Jopie Oudsen yn Ljouwert stiet 79e, wylst de Hollandse Gebakkraam Sipkema yn Drachten 86e wurden is, beide mei in foldwaande.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)