Plysje brûkt pepperspray om fytsedief oan te hâlden

28 des 2015 - 07:45

De plysje yn Ljouwert hie sneintejûn op it Waagplein de hannen fol oan in gewelddiedige fytsedief. De 22-jierrige Ljouwerter fersette him bot tsjin syn oanhâlding en besocht meardere kearen de plysjeman yn syn gesicht te slaan.

De plysje brûkte úteinlik pepperspray om de balstjurrige man ûnder kontrôle te krijen. Kollega's fan stedstafersjoch holden yntusken freonen fan de fytsedief op in ôfstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)