Ireen Wüst twadde, Marrit Leenstra tredde op 1500 meter

27 des 2015 - 17:15

Ireen Wüst fan It Hearrenfean is twadde wurden op de 1.500 meter by de NK ôfstannen yn Thialf. Se ried 1.56.82. Marrit Leenstra út Wikel waard tredde yn 1.57.68. De titel wie foar Jorien Ter Mors. De Enschedese ried mei ôfstân de rapste tiid: 1.55.56. Dizze trije froulju hawwe harren op dizze ôfstân pleatst foar de WK ôfstannen yn Kolomna.

Antoinette de Jong fan Rottum waard fiifde. De rydster fan Justlease.nl ried 1.58.79.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)