"Tsien goudûlen yn 'e wike deariden"

27 des 2015 - 14:01

Goudûlen wurde de lêste tiid hieltiten faker oanriden. It giet wykliks seker om tsien meldings. It giet foaral mis op de Lauwersseewei fan Dokkum rjochting Lauwerseach, de Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten en de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean. Dat seit Joeke Paulusma fan de Fryske Kerkuilenwerkgroep.

Mooglik komt dat trochdat mûzen troch it wiete lân de droegere bermen opsykje. Ek binne der dit jier in soad jonge goudûlen berne. Hast twa tredde fan dy jonge fûgels komt om yn it ferkear.

Wat mooglik ek meispilet is dat it no lang tsjuster is, wêrtroch de fûgels ek jaaie op mominten dat it drok is op de dyk.

Trefwurden: 
goudûle Joeke Paulusma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)