Dútske metal-keninginne Doro slút Dokk'em Open Air 2016 ôf

27 des 2015 - 13:01

De Dútske metalleginde Doro sil Dokk'em Open Air 2016 ôfslute. Dat hat de organisaasje fan it festival sneon bekendmakke. De 51-jierrige sjongeres Doro Pesch jildt as de keninginne fan de metal-muzyk. Se stie al jierren op it ferlanglistje fan de organisaasje. Pesch wie earder sjongeres fan Warlock, mar gie yn de jierren '90 solo fierder. 

Oare nammen dy't de organisaasje sneon bekendmakke, binne de Sweedske bands Soilwork en Entombed A.D. Earder waarden der al bands as it Portugeeske Moonspell en it Amerikaanske Testament fêstlein.

De 11e edysje fan Dokk'em Open Air wurdt holden op freed 24 en sneon 25 juny op in terrein oan de Holwerderweg yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)