Waarhistoarikus Ybema neamt desimber 2015 'unyk en bizar'

26 des 2015 - 12:41

Dat it de waarmste krystdagen ea binne, dat witte wy... Mar eins is de hiele moanne desimber unyk en bizar, seit waarhistoarikus Klaas Ybema. Yn De Bilt waard yn de nacht fan earste op twadde krystdei in temperatuer fan boppe de 14 graden metten.

Ek yn Fryslân wurde rekôrs brutsen, seit Ybema. Yn Ljouwert wie it 13,1 graad. Ek dat is in rekôr. Neffens Ybema is in waarme luchtstream fan de Kanaryske eilannen en Marokko de oarsaak fan de hege temperatueren, mar Ybema is ek oertsjûge fan klimaatferoaring.

Fryslân hat dizze desimbermoanne te meitsjen mei temperatueren dy't gewoan binne foar Frankryk of Italië, sa seit Ybema. De temperatuer hat dizze desimbermoanne net ien kear ûnder nul west. Ek dat is unyk, sa seit Ybema.

Trefwurden: 
Klaas Ybema waar desimber
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)