Ruten Jouster supermerk opblaasd mei fjoerwurk

26 des 2015 - 12:23

Op De Jouwer binne yn de nacht fan earste op twadde krystdei de ruten fan in hokje foar winkelkarren folslein fernield. It giet om it hokje fan de Albert Heijn supermerk oan de Midstrjitte. Neffens de plysje binne de ruten mei help fan fjoerwurk opblaasd. De plysje freget tsjûgen fan it ynsidint om harren by de plysje te melden.

Yn Winsum is earste krystdei in bushokje opblaasd. De ruten lizze yn splinters om it hokje hinne. Neffens de plysje is de skea sa'n 4500 euro. De plysje ropt de dieder op om him te melden, oars wurdt er ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)