Drachtster oppakt foar yllegaal fjoerwurk, wêrûnder Cobra 6

26 des 2015 - 11:34

In 19-jierrige Drachtster is oanhâlden foar it yn besit hawwen fan swier yllegaal fjoerwurk. Yn in grut ûndersyk nei yllegaal fjoerwurk, kaam de plysje de Drachtster op it spoar. Doe't de plysje syn hûs trochsocht, fûnen se ferskate soarten swier knalfjoerwurk, wêrûnder ek it gefaarlike Cobra 6.

Tsjin de jonge is proses-ferbaal opmakke. Hy sil him foar de rjochter ferantwurdzje moatte foar it yllegale fjoerwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)