Flechtlingestream út Syrië makket soad yndruk

26 des 2015 - 11:04

It is it belangrykste nijsferhaal fan it ôfrûne jier: Mear as ien miljoen flechtlingen út fral Syrië sochten in feilich hinnekommen yn Europa. In diel fan harren kaam Europa yn troch foar in soad jild mei lytse rubberboatsjes oer te stekken fan Turkije nei it Grykse eilân Lesbos. De ôfrûne simmer en hjerst kamen alle dagen tûzenen flechtlingen oan op de strannen fan dit eilân.

De flechtlingen wurde hjir opheind troch in ynternasjonaal selskip fan frijwilligers. Ek ferskate Friezen reizgen nei Lesbos foar de earste help.

Sietske Visser fan Jorwert en Mieke van Heijkop fan It Hearrenfean reizgen ein oktober nei Lesbos om te helpen. Op fersyk fan de Stichting Bootvluchteling namen se safolle mooglik sokken mei. Wat sy op Lesbos diene is flechtlingen safolle mooglik fan waarme klean en tekkens foarsjen foar it earste ferfier nei in flechtlingekamp op it eilân. It makke djippe yndruk op de froulju; Sietske Visser krige in poppe fan in pear dagen yn hannen drukt, dy't waarm oanklaaid wurde moast. Se paste op de poppe, omdat de heit en mem noch op syk wiene nei in oar berntsje. Echt aaklike saken, lykas ferdronken flechtlingen, hawwe de froulju net meimakke. Dochs giet it ek tusken Turkije en Grikelân geregeld mis mei it ferfier fan flechtlingen yn behyplike boatsjes.

Mieke van Heijkop fan It Hearrenfean is fêst fan doel om yn jannewaris wer nei Lesbos te gean om te helpen. Ek Sietske Visser giet yn 2016 troch mei de help oan flechtlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)