Ljouwerter makket rûzje en smart sel ûnder eigen bloed

26 des 2015 - 09:13

De plysje hat sneontemoarn betiid in 26-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man hie yn in flat oan De Anjen rûzje krigen en hie dêrnei in ravaazje oanrjochte yn de wenning. Hy waard der út set, mar smiet dernei de ruten fan de flat yn. Underweis nei it buro waard de man wyld en begûn om him hinne te slaan. Hy is troch de plysje yn transportboeien nei it buro brocht. Yn syn sel smarde de man de muorren ûnder mei syn eigen bloed. In húsdokter hat him behannele oan syn ferwûnings, dy't hy oprûn hie by de rûzje.

Meardere minsken ha oanjefte tsjin de man dien foar bedriging, mishanneling en fernieling. De Ljouwerter sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert rûzje ravaazje ruten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)