Koarte brân yn flat oan De Kei yn Ljouwert; hûn komt om

25 des 2015 - 15:54

Yn in flat oan De Kei yn Ljouwert hat op earste krystdei koart brân west. De brânwacht hie it fjoer op de fyfde ferdjipping gau ûnder kontrôle. By de brân yn de wenkeamer is in hûn omkaam. It slagge net om it bist op 'e tiid te rêden.

Omlizzende wenningen wienen ûntromme. Minsken fan de ambulânse kontrolearren oft bewenners reek binnenkrigen hienen. Foar safier't bekend is, binne gjin minsken ferwûne. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
brân Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)