Tryater spilet in moanne yn in teater yn Amsterdam

25 des 2015 - 14:44

Tryater spilet yn jannewaris tal fan stikken yn Amsterdam. It toanielselskip is in moanne lang te gast yn Theater Bellevue. Op it program steane stikken dy't al earder yn Fryslân te sjen west ha, lykas 'Thúsfront', 'In moaie jûn' en 'Heimwee nei Hurdegaryp'. Dêrneist wurdt it stik 'Rooftop Memories' spile. It stik is skreaun troch Eelco Venema dy't al langer as akteur en regisseur oan Tryater ferbûn is.

Neist de foarstellingen is ek in râneprogramma mei petearen mei makkers en in skriuwersjûn mei toanielskriuwer Jeroen van den Berg.

Trefwurden: 
Tryater toaniel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)