Ljouwerter pakt foar misdragings yn hoarekasaken

24 des 2015 - 11:37

De plysje hat woansdeitenacht op it Ruiterskwartier yn Ljouwert in 40-jierrige ynwenner fan de stêd oppakt. De man wie agressyf en hie yn ferskate hoarekasaken froulju lestich fallen.

De Ljouwerter koe him net legitimearje. Dêrop waard er oanholden troch de plysje. Underweis nei it buro misledige er de plysjes. By it kontrolearjen fan syn identiteit die bliken dat de man noch in finzenisstraf iepen stean hie fan 89 dagen.

De man wurdt tongersdei fanút syn plysjesel oerbrocht nei de finzenis. Dêr moat er syn straf útsitte.

Trefwurden: 
oanhâlding Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)