Slachtoffer babbeltrúk krijt tút, dêrnei wurdt tas stellen

24 des 2015 - 10:30

In 20-jierrige man út Ter Apel is woansdeitejûn oanholden op it stasjon fan Ljouwert om't er in tas stellen hie fan in ynwenster fan Ljouwert. Earder op 'e jûn rûn de frou yn de binnenstêd doe't se oansprutsen waard troch in har ûnbekende jongeman. Hy frege wêr't it stasjon wie. Nei't de frou útlein hie hoe't hy der komme moast, waard se troch de jonge omearme. Ek joech hy har in tút.

Thús kaam de frou derachter dat har tas stellen wie. Se gie fuortendalik nei it stasjon, dêr't se de jonge wer seach. Hy hie har tas by him. Dêrop warskôge de frou de plysje. De man sit fêst op it buro.

Trefwurden: 
tassedief Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)