Leechstân winkels nimt ôf yn binnenstêd fan Snits

23 des 2015 - 20:58

It oantal leechsteande winkels yn de binnenstêd fan Snits is dit jier ôfnommen. Dat seit de wurkgroep binnenstêdsmanagement. Ut ûndersyk, útfierd yn opdracht fan de wurkgroep, docht bliken dat der no 25 winkels minder leech stean as twa jier lyn. Meastal binne der nije winkels ynkommen, mar der binne ek winkels sloopt. Sa binne der op it plak fan de eardere supermerk fan Poiesz nije huzen boud. 

Sûnt 2014 hat de wurkgroep binnenstêdsmanagement ferskate plannen betocht om de leechstân te ferminderjen.

Sa wurde eigeners fan lege winkels benadere, om harren gebouwen moai oan te klaaien. Neffens de wurkgroep giet it ek opfallend goed mei it oantal besikers fan de binnenstêd. Sa soe it yn Snits better gean as yn Ljouwert en Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)