Asylsikers Sint-Anne diele roazen út oan doarpsbewenners

23 des 2015 - 16:21

In groepke asylsikers hat woansdeitemiddei yn Sint-Anne roazen útdield oan minsken yn it doarp om se te betankjen foar de gastfrijheid. Ien fan de asylsikers is Omar út Syrië. Hy sit yn de opfang yn Sint-Anne, mar moat meikoarten nei in nije opfanglokaasje yn Den Helder. 

It winkelpublyk reagearre posityf op de roazen, al wie de earste yndruk soms dat se se keapje moasten. Minsken ferwachten net dat se op dizze manier wat werom hearden fan de asylsikers. Ien frou sei dat se bot rekke wie troch it gebeart.

Trefwurden: 
asylsikers Sint-Anne roazen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)