Strangere regels foar it strânriden op Skiermûntseach

23 des 2015 - 14:19

De regels foar it riden oer it strân fan Skiermûntseach wurde per 1 jannewaris stranger. Sa is it riden by de stodyk del net langer tastien. It spoar by dy stodyk is sa ferdjippe dat it no in geul is en dêrmei ynfloed hat op de streaming fan it wetter. Boppedat groeie der bysûndere planten op grutte parten fan it strân.

De gemeente moast in nij behearsplan opstelle nei't it eilân oanwiisd is ta beskermingssône yn it Natura 2000-netwurk. Neffens de gemeente waard der eins gjin gebrûk fan it spoar makke. Beswieren wurde net ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)