Antonius en De Friesland slute kontrakt foar trije jier

23 des 2015 - 13:47

It Antonius sikehûs yn Snits en De Friesland soarchfersekerder hawwe in kontrakt foar trije jier mei-inoar sletten. Der is in mooglikheid om it kontrakt dêrnei mei twa jier te ferlingen.

Mei it kontrakt wurdt it neffens beide partijen mooglik om foar in langere termyn ôfspraken oer it soarchoanbod te meitsjen. Sa hoege se net elk jier om de tafel om te ûnderhanneljen oer de finânsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)