Personiel V&D is bot fan slach troch minne nijs

23 des 2015 - 12:39

It personiel fan de V&D is bot oandien troch it nijs dat it warehûs surseânse fan betelling krigen hat. Dêrtroch sitte sy noch langer yn ûnwissichheid oer harren baan. V&D hat grutte skulden en it memmebedriuw Sun Capital wol net mear ynvestearje.

Yn Ljouwert wurkje sa'n 200 minsken by de V&D. Sy binne woansdeitemoarn bypraat oer de situaasje. Dêrtroch wie de winkel in healoere letter iepen. Klanten stiene foar de tichte doar en wiene teloarsteld.

Wa't noch kadokaarten hat, kin dy wol fuortsmite, want ynleverje kin net mear. It werombringen fan pakketsjes kin ek net mear. En dat soe wolris foar lulke klanten soargje kinne, dêrom is der ekstra befeiliging ynsetten by de klanteservice.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)