Jumbo Grou oere ticht fanwege in stroomsteuring

23 des 2015 - 12:26

De stroomsteuring in parten fan Grou wie woansdei binnen in oere ferholpen. De steuring trof strjitten yn de omkriten fan de Stasjonsstrjitte en it buertskip Domwier. Supermerken lykas de Jumbo hiene in soad lêst fan de steuring. De kassa's en de doarren wurken net en klanten moasten de boadskippen stean litte.

It gie neffens behearder Liander om in spontane breuk yn in kabel. It bedriuw hie earst oanjûn twa oeren nedich te hawwen om de steuring te ferhelpen, mar de monteur wie binnen in oare klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)