Berne-opfang Timpaan is fallyt

23 des 2015 - 11:36

Berne-opfang Timpaan is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. De organisaasje hat sa'n 40 opfanglokaasjes, foar in grut diel yn Fryslân, it haadkantoar sit ek yn ús provinsje.

Wat de oarsaak fan it fallisemint is, is net bekend, de organisaasje komt letter woansdei mei in ferklearring. Tiisdeitejûn binne de personielsleden op 'e hichte brocht.

Trefwurden: 
Timpaan berne-opfang fallyt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)