F16's fleane yn jannewaris ek wer op jûntiid

23 des 2015 - 10:09

De F16's fan de fleanbasis yn Ljouwert begjinne fan 11 jannewaris takom jier wer mei it jûnsfleanen. De piloaten traine sawol boppe it lân as it wetter. Se oefenje mei nachtsichtapparatuer. Troch dy apparatuer kinne se better yn it tsjuster sjen, mar dat sicht is wol beheind. It is dêrom wichtich dat de piloaten hjirmei oefenje.

De Nederlânske F16's wurde op dit stuit ynsetten tsjin IS en moatte dan faak nachts fleane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)