Technicum fangt mei nije kantoaren ferlet oan technisy op

22 des 2015 - 23:12

Utstjoerburo Technicum iepenet yn jannewaris 2016 twa nije kantoaren yn Drachten en Snits om it ferlet oan technysk personiel yn Fryslân op te fangen. Yn Ljouwert is al in fêstiging.

Neffens direkteur Adriaan Belonje binne der hûnderten fakatueres yn de technyske brâns, benammen yn de wurktúchboukunde en ynstallaasje. Dat oantal sil noch fierder groeie. Troch de fergrizing en it tekoart oan jong talint binne der hieltyd mear technnyske banen beskikber.

It útstjoerburo set dêrom net allinnich fakatueres út, mar set ek yn op it oplieden fan nij talint. Belonje: "Wij zijn er sterk van overtuigd dat we niet moeten afwachten op leerlingen die de schoolbanken verlaten. Die aantallen zijn veel te laag. We zetten daarom samen met onze klanten trajecten op om mensen op te leiden."

Trefwurden: 
Technicum Adriaan Belonje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)