Berltsum krijt MFC yn grifformearde tsjerke

22 des 2015 - 22:57

Berltsum krijt definityf in multyfunksjoneel sintrum yn de eardere grifformearde tsjerke yn it doarp. De gemeenteried fan Menameradiel hat tiisdeitejûn unanym ynstimd mei in subsydzje en in liening om de begrutting rûn te krijen.

De gemeente stelt in subsydzje fan 513.000 euro beskikber en jout in liening fan ek 513.000 euro. Dy liening moat yn 30 jier tiid werom betelle wurde. Fierder moat it doarp sels ek 513.000 euro op it kleed bringe.

Spannend

Foarsitter Erik Jansen fan doarpsbelang is 'ôfgryslik bliid' mei it beslút. "It wie noch wol efkes spannend, want it CDA stelde noch in tal krityske fragen oer it werombeteljen fan de liening." 

Nei in koarte ûnderbrekking joegen úteinlik alle partijen grien ljocht. Jansen ferwachtet dat der yn 2017 of 2018 úteinset wurde kin mei de ferbou. Yn it takomstige sintrum is genôch plak foar bygelyks alle muzykkorpsen út it doarp, de jongereinsoas en it Griene Krús. Ek bliuwe de tsjerketsjinsten gewoan trochgean yn de tsjerke. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)