Keepersmoffen Nienhuis oanbean foar feiling Serious Request

22 des 2015 - 22:31

De doelman fan fuotbalklup SC Cambuur, Leonard Nienhuis, stiet syn keepermoffen ôf foar de feiling fan Serious Request. De moffen binne ferskate kearen brûkt by wedstriden en trainingen. Nienhuis' hantekening stiet op beide moffen. Fia de feilingswebside fan Serious Request kin bean wurde.

Serious Request hellet dit jier jild op foar bern in oarloch- en konfliktgebieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)