Utwreiding Dairy Campus Ljouwert krijt foarm

22 des 2015 - 14:55

De útwreiding fan de Dairy Campus yn Ljouwert krijt hieltyd mear foarm. Yn febrewaris waard der úteinset mei de bou fan in tal stallen, dêr't plak komt foar sa'n 550 kij. De útwreidingsplannen foar it ûndersyks- en praktyksintrum foar de lânbou hiene wat fertraging oprûn troch besunigings. Dat hie benammen gefolgen foar de omfang en de ynrjochting fan de fjouwer stallen. 

Elke stâl krijt in eigen ûndersyksfunksje. Ek wurdt der in nij ûntfangstgebou makke. Der binne mear as fjirtich bedriuwen belutsen by de nijbou fan de Dairy Campus. 

De nije stallen moatte alle jierren sa'n 10.000 belangstellenden lûke. It wiete waar smyt de boufakkers wol wat opûnthâld op, mar dêr wie yn 't foar rekkenskip mei holden. Yn maaie moat it measte wurk dien wêze. Der komme dan ek iepen dagen wêrop minsken sjen kinne op de Dairy Campus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)