Minister wol ûndersyk fan flierren âlde galerijflats

22 des 2015 - 12:33

De balkons en flierren fan galerijflats dy't foar 1975 boud binne, moatte foar 1 july 2017 ûndersocht wurde. Minister Stef Blok ferplichtet de eigeners om de boukundige steat te kontrolearjen. Binne de flierren net goed, dan moatte se maatregels nimme. Gemeenten moatte hjir op tasjen. It giet lanlik om hûnderten flats. 

Oanlieding is it ynsidint mei de galerijflier fan de Ljouwerter Antillenflat yn 2011. De flier stoarte yn, omdat er oantaaste wie troch rust. Neffens it ministearje is der in kâns dat oare galerijflierren ek oantaaste binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)