Flylân krijt mear plak foar toeristen

22 des 2015 - 12:08

Op Flylân komme mear plakken foar toeristen om te oernachtsjen. Ferskate rekreaasje-ûndernimmers binne dwaande om harren akkommodaasje út te wreidzjen. Hotel Zeezicht krijt der foar it kommende toeristeseizoen tolve keamers by. Ek Hotelletje de Veerman wreidet út mei acht nije keamers. Boppedat wurde guon keamers renovearre. 

Kampearterrein Stortemelk bout der de kommende jierren sa'n 50 boskhúskes by. Al sechtjin jier wurdt der op de kemping praat oer dizze húskes. No kin yn 2016 de bou lang om let los.

Op Flylân binne sa'n 8500 bêden foar toeristen. Dizze útwreidings kinne der noch wol by, mar neffens de gemeente sit Flylân hast wol oan it maksimum dat it eilân oankin.

Trefwurden: 
Flylân toerisme útwreiding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)