Ljouwerter drankrider moat rydbewiis ynleverje

22 des 2015 - 11:24
Foto: Omrop Fryslân

In 21-jierrige drankrider út Ljouwert is tiisdeitemoarn betiid syn rydbewiis kwytrekke. De man waard oanhâlden op de Willemskade yn syn wenplak. Der is proses-ferbaal tsjin de drankrider opmakke.

Ut in test die bliken dat de man 520 ugl (mikrogram per liter) alcohol yn syn azem hie. Foar in begjinnende bestjoerder is 88 ugl wetlik tastien.

(advertinsje)
(advertinsje)