Fallisemint driget foar memmebedriuw fan Fryske skuonwinkels

22 des 2015 - 09:43

Macintosh Retail, it memmebedriuw fan winkelketens as Scapino, Dolcis, Invito en Manfield, hat by de rjochtbank útstel fan betelling oanfrege. It bedriuw hat mei dizze winkels 24 fêstigings yn Fryslân. Macintosh wie al tiden op syk nei keapers, mar fanwege de hege skulden fan it bedriuw ha dy gjin belangstelling.

Utstel fan betelling is faak in earste stap rjochting fallisemint. Yn Fryslân hat it bedriuw 18 Scapino's, 4 Dolcis, 1 Invito en 1 Manfield-winkel. De winkels bliuwe foarearst wol iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)