Kringloopwinkel yn Grou rêden fan ûndergong

21 des 2015 - 23:01

Ofrûne freed joech de kringloopwinkel fan Grou al har guod noch fergees fuort, mar no blykt der dochs in oernamekandidaat te wêzen. Stichting Groen Grou is de nije eigener en docht de winkel yn jannewaris gewoan wer iepen.

Yn de kringloopwinkel wurken minsken mei in beheining, mar troch nije regels yn de soarch mochten guon dat wurk net mear dwaan. Sûnder dy meiwurkers koenen de frijwilligers fan de kringloop de winkel lykwols net mear iepen hâlde.

De nije eigeners tinke no dat dat wol slagje moat.

Der sille foarearst hielendal gjin minsken fan de deibesteging mear wurkje. 

Doarrren wer iepen

De ferkeap moat op 11 jannewaris kommend jier wer los gean. De nije eigeners roppe minsken yn de omkriten op om fan 4 oant 9 jannewaris sa folle mooglik guod te bringen, sadat der dan ek wat te ferkeapjen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)